VERON A63
Friese Wouden
____________





Up
Van het bestuur
FRM 2001
Velddag VHF 2001
Oan 'e Redaksje
SSB Ronde
A63 PACC nr 1
Ant.verlengspoel
HAM Links

 

VERON afdeling Friese Wouden
Afdelingsblad 'CQ Friese Wouden'

Oan 'e Redaksje

door PEoSKA

Stiens, 26 maaie 2001

Achte redaksje,

Eins woe ik jimme in komplimint jaan, in grut komplimint oangeande de pleatsing fan it stik fan Bouke Zwerver, PAoZH, yn it foarich nmer fan CQ Friese Wouden. Ik sei mei opsetsin "woe", want nei it stikje yn 'e leste tjefte fan itselde bld fan haadredakteur PAoJMG die it "ongenuanceerd, provocerend en soms beledigend" foun, is myn goede yndruk in bytsje bekuolle. Bouke doart yn syn stik tal fan saken oan 'e oarder te bringen, die oars geregeldwei net heart wurde of yn 'e dfpot gean. Hy seit de dingen faaks net yn myn wurden, mar it hat wol meastal deselde ynhld. Ik hie noch tocht: "Wat goed, dat der no es ien oan it wurd komt, die no einliks ris sizze kin en mei, wat der tinkt oer die saken wer sa gauris omhinne praat wurdt."

Bouke hld gjin bld foar de mle, dat witte we al jieren, syn humor is wol ris wat sarkastysk, mar hy seit wer it op stiet. Dat moat kinne, sokke berjochten komme it bste oer. Hy is natuerlik net de de earste de bste en hat skynber frij mandaat krigen oer de ynhald fan syn stikje, wer de redaksje efternei wat kjel fan wurden is. 'k Ha es goed om my hinne sjoen op 'e merke op 'e Sweach.

Hy hat gelyk......... it wiene de griize koppen die sieten te sneupen yn it surplus-guod en it jongere folk yn it oare spul, it leafst kompleet mei stekker. Dy lesten binne gewoan ferkeard opbrocht, no ja, der kinne sy neat oan dwaan. Sa'n merke is oars wol moai, it jowt us hobby fuotten. It jowt s mear as in tiidskrift as Elektron wer jo sykje moatte om in technysk stikje oer selsbou, ien fan 'e wichtigste tgongspunten fan s ferieniging.

No wit ik wol, tiden hawwe tiden, de tiid dat we de stikjes fan mannen as Bouke ZH en Douwe DKO yn it klupbld finne koene binne foarby, mar............dat bliuwt wol ferrekte spitich.It wurdt tiid es by in fdieling it tstel te dwaan, foar de ferieningsrie, om de namme fan de klub teferoarjen yn VRN. De "E" en "O" kinne wol weilitten wurde. Dy hawwe hjir net folle betsjutting mear, die bringe jo heecht behoarlik yn 'e war.

"k Wit net as jimme it lzen hawwe wat s 62ste gearkomste fan 'e ferieningsrie mei de foarstellen 5 oant 8 dien hat. As jo dat lze, wurdt jo bloed spe. (Sjoch it Eletron fan juny 01, side 88 der mar es der op nei.) Sa njonkelytsen wurdt de groep leden die wat yn 'e molke te brokkeljen hawwe yn 'e ferieniging behoarlik reaksjonr. Se slaan de door mei sa'n alderheislikste klap ticht. Skuorren yn 'e muorre! Dit kostet ek noch leden. We moatte oppasse!

Doe haw ik tocht: ......."Hiest wol gelyk, Bouke!....In moai stikje!...De spiker op 'e kop!!!!!"........

Achte redaksje, dit moast ik gewoan efkes kwyt. Jimme brkke dit mar as ynstjoerd stik, it mei ek yn 'e papierkoer, der tuskenyn sit neat. 'k Nim oan, dat ik dat wol fan jimme te hearen krij. Mei freonlike groetnis fan Sipke Sipkema,

ofte wol: beste ' 73 , PEoSKA